Douwe de Vries 4e yn Eindhoven

12 des 2006 - 23:13

Reedrider Douwe de Vries fan It Hearrenfean is juster fjirde wurden yn de marathon fan Eindhoven. De wedstriid wie de twadde yn de rige fan yn totaal seis om de Greenery Six. Juster wie Douwe de Vries ek al de beste Fries, doe't er twadde waard yn Breda.

Beide wedstriden yn de seisdaagse binne wûn troch Cedric Michaud. De Fransman wie justerjûn de beste yn de massasprint. Twadde waard Heideman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)