Douwe de Vries 2e Weissensee

28 jan 2009 - 13:55
  • It toptrio fan de Weissensee

Douwe de Vries fan It Hearrenfean is woansdei twadde wurden yn de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee. Nei 200 drege kilometers wie Casper Helling fan Wageningen yn de finale de sterkste. Helling en De Vries wiene oerbleaun út in kopgroep fan sân man.

Yn de lêste kilometer pakte Helling in lytse foarprong op Douwe de Vries. Op de einstreek wie it ferskil sa'n fyftjin tellen. Jan Maarten Heideman waard op goed fjouwer minuten tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)