"Douwe Bob einiget by bêste fiif fan Eurovisie Songfestival"

04 mrt 2016 - 18:54
  • Douwe Bob

Douwe Bob einiget by de bêste fiif by it Eurovisie Songfestival yn Sweden dit jier. Dat tinkt muzyksjoernalist Willem de Vries fan Omrop Fryslân. Songfestivalkenner Douwe Gerlof Heeringa is minder posityf oer de kânsen fan de Nederlânske ynstjoering. "Ik ha it ferske no sân kear heard. De earste kear bleau ik mar wachtsjen op eat dat net kaam. Ik bin der net hiel entûsjast oer."

 Willem de Vries is positiver. "Hy hat in geweldige sjongstim en it is in lekker nûmer."

"We moatte net itselde dwaan as de Balkanlannen. En Anouk en The Common Linnets wiene noch saaier, en dy binne ek in hiel ein kaam!"

Slow Down

Douwe Bob presintearre syn nûmer 'Slow Down' freedtemiddei ûnder grutte belangstelling fan de media. Hy komt 10 maaie foar it earst yn aksje yn de heale finale. As er dêr genôch punten hellet, stiet er 14 maaie yn de finale. Dat slagge Nederlân foar it lêst yn 2014. The Common Linnets waarden doe twadde, mei it nûmer 'Calm After The Storm'.

Yn 2013 helle Anouk mei 'Birds' it njoggende plak. Foarich jier helle Trijntje Oosterhuis yn Wenen de finale net. Se waard fjirtjinde yn de heale finale mei it nûmer 'Walk Along'. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)