Douwe Amels: 'Op nei Rio'

07 maaie 2014 - 13:29

Heechspringer Douwe Amels set de kommende jierren alles op alles om him te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen fan 2016 yn Rio de Janeiro. De limyt foar kwalifikaasje leit foar Amels op 2.31. Syn persoanlik rekôr stiet op dit stuit op 2.28. Amels sprong dy ôfstân ferline jier by de Europeeske kampioenskippen ûnder de 23 jier. Hy waard dêrmei de bêste fan Europa.

Douwe Amels presintearret syn plannen foar kwalifikaasje woansdei yn Ljouwert. De Drachtster heechspringer neamt syn kampanje 'the Road to Rio'.

Hy siket jild om traine te kinnen. Troch de krisis is it dreech om sponsors te finen.

Sjoch hjir foar de webside foar de crowdfunding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)