Doutzen yn Madame Tussauds

23 apr 2008 - 09:59
  • Doutzen Kroes: nije wike ek by Madame Tussaud....(foto Dirk-Jan Haarsma)

Topmodel Doutzen_Kroes fan Eastermar is ynkoarten foar eltsenien fan tichtby te besjen. Takom moandei ûntbleatet se yn it Amsterdamske Madame_Tussauds in waaksen byld fan harsels.

Kroes is it gesicht fan topmerken as Victoria's_Secret en L'Oréal. It byld fan it 23-jierrige fotomodel komt yn goed selskip te stean, tusken prins William en sjonger Robbie_Williams. Kroes is ek it gesicht fan de Praat_mar_Frysk-kampanje fan de Afûk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)