Doutzen presintearret filmgala

04 sep 2012 - 12:03

It Fryske topmodel Doutzen Kroes makket har debút as presintatrise. Op 5 oktober is se gastfrou op it Gala fan de Nederlânske Film. Dêr wurde altyd de filmprizen De Gouden Kalveren útrikt. Kroes docht de presintaasje tegearre mei de kabaretier Jandino Asporaat. Hy is bekend fan it televyzjeprogramma De Dino Show.

It gala foarmet de slotjûn fan it Nederlânsk Film Festival. De VPRO stjoert it gala streekrjocht út op televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)