Doutzen op fjirde plak fan bêst betelle modellen

18 sep 2015 - 11:07
  • Doutzen Kroes
  • Doutzen Kroes

Se is twa plakjes sakke, mar Doutzen Kroes is noch hieltyd ien fan de bêst betelle modellen fan de wrâld. It 30-jierrige topmodel út Eastermar stiet op it fjirde plak. Neffens it Amerikaanske tydskrift Forbes, dy't de list jierliks makket, fertsjinne Doutzen it ôfrûne jier 6,5 miljoen euro. Ferline jier stie se noch twads mei hast 7 miljoen euro.

Op nûmer ien stiet noch hieltyd it Braziliaanske model Gisele Bündchen, se helle mar leafst rom 38 miljoen euro binnen. Dield twads steane Cara Delevingne en Adriana Lima (hast 8 miljoen euro).

'Dutch powerhouse Doutzen', sa't Forbes har neamt, wurket dan net mear foar it linzjerymerk Victoria's Secret, mar se fertsjinnet noch goed as gesicht fan ûnder oare l'Oréal, Calvin Klein en Samsung.

Besjoch de folseine list fan de bêst ferstjinjende modellen fan de wrâld op de webside fan Forbes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)