Doutzen nei Burgumer skoalle

16 sep 2010 - 15:03

Doutzen Kroes sil takom wike moandei in besite bringe oan de OSG Singelland-skoalle yn Burgum. Kroes hat dêr yn har jonge jierren sels ek op skoalle sitten.

It model út Eastermar sil in besite bringe oan learlingen dy't dwaande binne mei tariedings foar in jildynsammelaksje foar Dance4life. Dat is in organisaasje dy't omtinken freget foar de aidsproblematyk yn de wrâld. Doutzen is in ambassadrise fan Dance4life.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)