Doutzen mem fan jonkje

21 jan 2011 - 10:33

Doutzen Kroes is freed mem wurden. Yn it AMC sikehûs yn Amsterdam is it topmodel om in oere as acht befallen fan in jonkje. Hy hiet Phyllon en krijt de achternamme Gorré, fan de heit, dj Sunnery James. De poppe is hast acht pûn en neffens de manager goed sûn.

It gesin gie deselde dei noch nei hûs yn Amsterdam en sil dêrnei in skoftke op fakânsje. De ferwachting is dat Doutzen net earder as fan 't simmer har modellewurk wer oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)