Doutzen krijt moadeline

26 sep 2011 - 15:33

Topmodel Doutzen Kroes fan Eastermar krijt har eigen moadeline. Dat meldt it showbizzprogramma RTL Boulevard. Doutzen is sûnt trije jier it gesicht fan it wolmerk Repeat. Se is fan no ôf net allinnich model, mar krijt ek eigen klean ûnder de namme 'Repeat by Doutzen'. It giet om kasjmier jurkjes, grof breidene festen en reisklean.

De kleuren fan de klean fariearje fan bêzje oant donkerbrún en griis. Doutzen jout moandeitejûn fierder útlis yn RTL Boulevard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)