Doutzen: It wurdt in jonkje

11 sep 2010 - 14:29

Topmodel Doutzen Kroes (25) fan Eastermar is yn ferwachting fan in jonkje. Doutzen hat it nijs sels bekend makke op Twitter mei de tekst 'Hello Twitterworld, we're expecting a baby boy!'

Earder dizze wike fertelde Doutzen noch op televyzje dat se net wist oft it berntsje in jonkje of in famke wurde soe. By de lêste echo wie dat net goed te sjen, omdat it berntsje de skonken byinoar hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)