Doutzen hâldt mooglik op by Victoria's Secret

11 des 2014 - 07:22
  • Doutzen Kroes skitteret op show fan Victoria's Secret

Topmodel Doutzen Kroes út Eastermar is trending topic op twitter om't se mooglik ophâldt by linzjerymerk Victoria's Secret. Woansdeitejûn sei de 29-jierrige Doutzen yn it tv-programma RTL Late Night dat se noch net wit oft se takom jier ek yn de jierlikse linzjeryshow te sjen is.

Der binne sûnt har befalling earder dit jier mear linzjerymerken dy't in kontrakt mei it topmodel slute wolle. Doutzen seit dat se noch in kar meitsje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)