Doutzen dei haadredakteur RTL

21 des 2009 - 10:20
  • Topmodel Doutzen Kroes: ien dei haadredakteur

Doutzen Kroes sil tiisdei ien dei gasthaadredakteur wêze fan RTL Boulevard. It topmodel hat it dan foar ien dei foar it sizzen by it televyzjeprogramma.

Doutzen sil ûnder oare fertelle oer har libben as model en oer har wurk foar it goeie doel. It 24-jierrige model fan Eastermar is ambassadeur fan de stichting Dance4life. Dy set him yn foar de bestriding fan hiv en aids.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)