Douma nije keamerhear Kening

16 des 2013 - 22:22
  • Kening Willem-Alexander yn Easterwâlde

Geert Jan Douma fan Snits wurdt keamerhear yn Fryslân fan Kening Willem-Alexander. Hy folget Rienk Wegener Sleeswijk, keamerhear fan Keninginne Beatrix, op.

Douma (56) is direkteur fan Douma Staal BV yn Snits, foarsitter fan de Stichting Ondernemers ZWF en lid fan it bestjoer fan Handel en Industrie Sneek. Keamerhear is in earebaan. Ien fan de taken fan Douma is om de kening te advisearjen en te begelieden as er yn de provinsje is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)