Douma nije foarsitter LOF

06 okt 2010 - 10:54

Pieter Douma (51) is de nije foarsitter fan it Ljouwerter Undernimmersfûns (LOF). Hy folget Klaas van de Berg op dy't belutsen wie by it opsetten fan it fûns. Douma is direkteur by Koopmans yn Ljouwert.

It ûndernimmersfûns ferdielt jierliks sân ton oan bedriuwen en organisaasjes dy't soargje foar in geunstich ûndernimmersklimaat. Yn it ferline binne bydragen jûn oan de organisaasje fan de Taptoe Ljouwert en kongressen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)