d'Oude Zeug wint by Ychtenbrêge

31 jul 2003 - 00:00

Eelke Dijkstra hat tongersdei mei syn skûtsje d'Oude Zeug de wedstriid op 'e Tsjûkemar by Ychtenbrêge wûn. It wie in spannende wedstriid tusken Dijkstra, Jacob Huisman en Sieb Meijer om it earste plak.

Eelke Dijkstra docht wer folop mei no't er strafpunten kwytrekke is. Dijkstra waard by de wedstriid fan sneon by Hylpen útsletten troch in protest fan de Frisia. Hy tekene heger berop oan en waard yn it lyk steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)