Dost wer yn basis tsjin Ajax

26 okt 2010 - 13:35
  • Bas Dost (foto: Dirk Jan Haarsma)

Bas Dost krijt fan trainer Ron Jans yn de útwedstriid tsjin Ajax wer de foarkar boppe Michal Papadopulos. De Tsjech fûl ôfrûne wykein tsjin VVV mei in blessuere út, mar reizget wol mei de seleksje mei nei Amsterdam.

Bas Dost wie foar de wedstriid tsjin VVV passearre, omdat hy problemen hie mei de teamdissipline. Neffens Ron Jans hat syn earste spits it signaal goed oppikt en mei hy dêrom yn 'e basis starte. Gerry Koning krijt wer de foarkar boppe Darryl Janmaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)