Dost net fit foar Twente

10 des 2010 - 13:44
  • Bas Dost

De Sportklup Hearrenfean giet sneintemiddei de striid oan mei lânskampioen FC Twente. By de Feansters hat Roy Beerens wat lêst fan in hamstring, mar is Bas Dost in grutter fraachteken. Hy hat op de training in flinke tik op it kût hân.

De ploech út Enschede is mei PSV koprinner yn de earedivyzje. Beide ploegen ha 37 punten. De Feansters stean op it njoggende plak mei trettjin punten minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)