Dost grutte man foar It Fean

10 des 2011 - 22:47

Sportklup Hearrenfean hat mei mar leafst 5-0 wûn fan Excelsior. Alle doelpunten binne makke troch Bas Dost. Troch dy fiif goals is Bas Dost no de topskoarder fan de earedivyzje.

Hearrenfean wie folle better en kaam foar rêst al op 3-0. Nei rêst spile Hearrenfean Excelsior hielendal fan de matte. Al yn de 66e minút stie de einskoare fan 5-0 op it skoareboerd, mar dat hie likegoed folle mear wêze kind.

Hearrenfean is no fjirde mei 28 út 16 wedstriden. Ajax en Feyenoord komme moarn noch yn aksje en kinne Hearrenfean dan noch foarby op de ranglist.

Bas Dost stiet no op nûmer ien op de topskoarderslist mei 14 goals. Dries Mertens fan PSV skoarde sneon ien kear en stiet op 13 goals. Janko stiet op it tredde plak en hat der oant no ta 11 ynlizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)