Dost en Roorda yn Jong Oranje

18 aug 2010 - 19:36
  • Bas Dost
  • Geert Arend Roorda

KNVB-coach Cor Pot hat twa spilers fan SC Hearrenfean oproppen foar Jong Oranje. It giet om Bas Dost en Geert Arend Roorda. Se sitte by de seleksje foar de útwedstriid tsjin Spanje, dy't op 2 septimber spile wurdt.

Dy wedstriid is de lêste yn de kwalifikaasjerige foar it Europeesk Kampioenskip dat takom jier yn Denemarken hâlden wurdt. Jong Oranje hat him al pleatst foar de beslissende play-offs yn oktober.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)