Dossier Vaatstra opnij besjoen

04 jan 2002 - 00:00

Fjouwer saakkundigen sille ynkoarten de moardsaak Vaatstra opnij besjen. Dat binne nei alle gedachten twa offisiers fan justysje en twa betûfte plysjeminsken. It ûndersyk sil 3 moannen duorje.

De famylje Vaatstra hat sels gjin betrouwen yn dit saneamde second opinion ûndersyk. Bauke Vaatstra, de heit fan Marianne, woe leaver earst in grut DNAûndersyk. Dat fersyk is ôfwiisd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)