Dosinten runne hotel Tjaarda

10 apr 2014 - 08:05
  • Hotel Tjaarda is 'oernommen' troch dosinten fan de Hotelskoalle

Dosinten fan de hoteloplieding fan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert hâlde twa dagen lang hotel Tjaarda yn Oranjewâld draaiende. Se bringe dêrby it ûnderwiiskonsept Real World Learning yn 'e praktyk. Gewoanwei is dat bedoeld foar de studinten fan de skoalle, dy leare troch it konsept de praktyk fan it wurkjen yn in hotel.

It giet dan om it útfieren fan alle tsjinsten, lykas it klearmeitsjen fan it moarnsbrochje, it skjinmeitsjen fan de keamers en it behearen fan de resepsje.

Yn de twa dagen moatte de dosinten dat ek dwaan, om sa har studinten better tariede te kinnen op har wurk. Meielkoar binne sa'n hûndert dosinten aktyf yn it hotel.

Stenden Hotel Management yn Ljouwert is mei 2200 studinten de grutste hegere hotelskoalle fan Nederlân. Wylst it tal studinten op oare hotelskoallen itselde bliuwt of sels ôfnimt, is de ferwachting yn Ljouwert dat krekt mear studinten har oanmelde sille. Dêrmei kin Stenden de grutste hotelskoalle fan Europa wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)