Dosinte Ljouwerter gymnasium wint ûnderwiispriis

27 nov 2015 - 13:24
  • Biology-learares Jos Kramer

Dosinte Jos Kramer fan it Beyers Naudé-gymnasium yn Ljouwert hat in belangrike ûnderwiispriis wûn. De learares biology krijt de Enza Zaden Award moandei op in gearkomste fan de Koninklijke Hollandsche Maatschappij der Wetenschappen.

Kramer makke mei in kollega yn Meppel in rige lessen oer ierappeltylt. Mei dizze lessen wurdt ynspile op de nije easken foar eksamens, op it ferlet fan it bedriuwslibben, mar ek op de belangstelling fan de learlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)