Dosinte Ellen Rombout wint net

04 okt 2014 - 15:38

It is skiednisdosinte Ellen Rombout fan skoalmienskip Simon Vestdijk yn Harns net slagge om learaar fan it jier te wurden. De ferkiezing wie sneon yn Rijswijk. Rombout siet yn har kategory by de lêste trije kandidaten en helle sadwaande wol it poadium. Rombout waard nominearre troch learlingen, kollega's en direksje.

Der wiene hûnderten ynstjoerings. De ferkiezing op de dei fan de learaar waard foar de 15e kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)