Dosint skorst om learling

03 apr 2012 - 21:17

In dosint fan de festiging fan skoallemienskip Bogerman yn Koudum is skorst fanwege it fermoeden fan 'grinsoerskridend' gedrach. Der is ien minderjierrige learling by belutsen. Neffens in wurdfierder fan de skoalle wie der in 'konkreet en net mis te ferstean' sinjaal oanlieding foar it fermoeden.

Der is oanjefte dien en de dosint is hingjende it ûndersyk skorst. Tiisdeitemiddei binne dosinten, âlders en learlingen op de hichte brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)