Dosint feroarsaket ûngelok N31

11 nov 2013 - 16:22
  • Ravaazje nei ûngelok op N31 by Harns

De 58-jierrige plysjeman út Harns dy't sneontejûn op de N31 by Harns in oanriding mei in famylje feroarsake hat, is dosint oan de plysje-akademy. De plysjeman hie fjouwer kear safolle drank op as tastien. By it ûngelok rekke in 29-jierrige man ferwûne. Syn frou, twa bern en ek de plysjeman rekken net ferwûne.

In wurdfierder fan de plysje-akademy fertelt dat der 'passende maatregels' naam binne en dat de man salang't it ûndersyk duorret, gjin lessen jout.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)