DORP himmelet Surhústerfean wer

03 jun 2006 - 17:38

It sintrum fan Surhústerfean wurdt wer skjinmakke. De ûndernimmersferiening H&I hiert dêrfoar wurknimmers yn fan deibestegingsprojekt DORP, oftewol 'dorpsonderhoud- en reïntegratieproject'.

Dy diene dat wurk ek al oant en mei heal 2005. Mar de ûndernimmers moasten besunigje en dus waarden de minsken fan DORP net mear ynhierd. De ûndernimmers soene it sintrum sels skjinhâlde, mar dat slagge net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)