Dordrechtfan fytst nei H'fean

08 aug 2014 - 12:10
  • Hurdfytsen

Rico Scholten fan Dordrecht sil kommende sneon op de fyts nei de fuotbalwedstryd SC Hearrenfean - FC Dordrecht. Nei de promoasje fan Dordrecht ôfrûne seizoen hat hy de belofte dien om op de fyts nei de earste útwedstryd te gean, wêr't it ek wie.

Scholten set sneontemoarn om seis oere ôf by it stadion fan FC Dordrecht. Hy ferwachtet goed 10 oeren te fytsen oer de 196 kilometer. De fuotbalfan hopet dat syn fytstocht de spilers ekstra motivearret goed út de startblokken te kommen yn de earste wedstryd yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)