Dora lêste Sionsberg-poppe

17 des 2012 - 09:54
  • Bertekaartsjes

Dora Elzinga, sa hjit de lêste poppe dy't yn sikehûs Sionsberg berne is. Oant moandeitemoarn 7 oere koene dêr noch froulju befalle. Dizze wike wurde de doarren fan 'e ôfdieling ferloskunde yn Dokkum sletten. De rest fan 'e wike is der noch neisoarch en freed is der in ôfskiedseremoanje.

Tineke Weidenaar hie moandeitemoarn har lêste tsjinst. It sluten fan 'e ôfdieling stimt har somber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)