'Doppenberg net te fertrouwen'

20 aug 2009 - 18:53

Ynformaasje fan Omrin oer de ôffaloven yn Harns moat kritysk besjoen wurde. Dat seit advokaat Sarolea fan in groep Harnzers dy't tsjin de komst fan de oven is.

De warskôging fan de advokaat hat te krijen mei Omrindirekteur Tom Doppenberg. Dy hat foar syn baan by Omrin direkteur fan it projektburo fan 'e Noardsúdline yn Amsterdam west. Ut namme fan it kolleezje fan B. en W. fan dy stêd soe Doppenberg doe ek belangrike ynformaasje efterhâlden ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)