Dopingkontrôle by hynders

13 feb 2003 - 00:00

Hynsten op de drafbaan yn Wolvegea wurdt takom wykein strang kontrolearre op doping. Om hurder drave te kinnen binne der saneamde 'milkshakes' yn omloop. Dat is in mjuks fan sâlt, glukoaze en wetter.

Neffens trainer en pikeur Mollema binne de kontrôles needsaaklik. Dochs moat der net te gau de konklúzje lutsen wurde dat yn 'e draaf- en rinsport doping brûkt wurdt. It gebrûk is oant no ta inkeld yn Amearika fêststeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)