'Dopingferhaal âld nijs'

05 maaie 2012 - 10:42

Hurdfytser Pieter Weening fynt it ûnbegryplik dat De Volkskrant mei it ferhaal komt dat de Raboploech doping tastiet. Yn de sneonskrante stiet dat it brûken fan ferbeane middels by dy ploech normaal wie, as it mar op in ferstannige wize bart.

Pieter Weening siet fan 2004 oant ferline seizoen by de Raboploech. Dit seizoen fytst er foar it Australyske Orica-GreenEdge. Neffens Weening bringt De Volkskrant âld nijs. In pear jier lyn waard ek alris sein dat dopinggebrûk normaal wie by de Raboploech.

Fjouwer jier ferlyn neamde in Eastenrykse krante Weening syn namme yn ferbân mei dopinggebrûk. Weening seit dat hy skjin yn it peloton rydt. Dêr heart gjin doping by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)