Doopjurken tsjerke Steggerda

26 jul 2009 - 13:19
  • De tsjerke yn Steggerda (foto's: Lenus van der Broek)
  • Links hinget de doopjurk fan Janny v.d. Berg

Hast 250 tsjerken yn Fryslân binne oant en mei 12 septimber alle sneontemiddeis iepen yn it ramt fan it Tsjerkepaad. Sa ek de gereformearde tsjerke yn Steggerda. Inkelde tsientallen besikers kamen de tsjerke en it tsjerkhôf besjen.

Se koene ek in pear doopjurken bewûnderje yn de tsjerke. Bysûnder wie dat de doopjurk fan ien fan de gastfroulju, Janny van den Berg dêr ek hong. Dizze doopjurk datearret fan 1915, want ek har mem wie dêryn doopt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)