Soad donoaren yn Mantgum

21 okt 2013 - 11:14
  • Website donorregistraasje

De donorwike dy't fan 14 oant mei 20 oktober holden waard is in grut súkses. Neffens wurdfierder Rafke Severens fan donorkampjane 'Nederland zegt Ja' hawwe 31.285 minsken yn Nederlân har kar foar orgaandonaasje makke. Sa'n 94 prosint fan dy minsken hat oanjûn dat se wól donor wêze wolle.

Op de webside www.jaofnee.nl stiet it doarp Mantgum mei 37,8 % donoaren lanlik op it tredde plak mei it heechste persintaazje donoaren. Dat is bysûnder neffens Severens, want Fryslân skoart as provinsje stikken leger as it lanlik gemiddelde.

Fan de 930 ynwenners fan Mantgum hat mear as de helte in donorkar makke. Severens hat hjir gjin krekte ferklearring foar, mar mient dat it goed wêze kin dat it ûnderwerp yn Mantgum heech op de aginda stiet, om't immen yn it doarp driuwend in orgaan nedich hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)