Donner komt mei taalwet Frysk

12 feb 2011 - 13:56

Der komt meikoarten in nije taalwet foar it regeljen fan 'e gelikense rjochten fan it Nederlânsk en Frysk yn Fryslân. Minister Donner fan ynlânske saken hat dat sneontemiddei bekend makke op Omrop Fryslân radio.

Mei de nije taalwet wol minister Donner befoarderje dat Friezen harren eigen taal brûke by de oerheid en ek by de rjochtbank. De nije wet sil jilde foar hiel Fryslân útsein de Waadeilannen en de gemeente Weststellingwerf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)