Donkerbroek wol 100 nije huzen

08 apr 2011 - 11:31
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Donkerbroek moat yn de kommende jierren hûndert nije huzen bouwe litte, oars ferdwine in soad foarsjennings. Dat seit doarpsbelang. Yn de ôfrûne tsien jier binne der fjouwer huzen bykaam en dat is fierste min. Der is benammen in soad ferlet fan starterswenten en soarchwenten.

Troch de oanlis fan de nije N381-dyk ferwachtet Doarpsbelang boppedat dat der mear minsken fan bûten it doarp komme wolle. Doarpsbelang wol mei de gemeente de mooglikheden besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)