Donken hurdrider pakt

06 apr 2010 - 10:02

De plysje hat it rydbewiis fan in 51-jierrige automobilist út Sigerswâld ynnaam omdat er dronken achter it stjoer siet. De man waard sjoen troch suveillearjende plysjes doe't er fuortried by in kroech. Hy trape dêrby it gas yn oant er wol 100 kilometer ried, wylst dêr mar 60 mocht.

De man negearde in stopteken en dêrom moast de plysje neist him ride om him ta stilstân te twingen. Hy fersette him by syn oanhâlding. De man is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)