Dongwein om: ferkearsoerlêst

05 nov 2002 - 00:00

Troch in ûngelok mei in jarretank wie de ôfrit fan 'e Wâldwei nei Drachten tiisdei in grut part fan 'e dei ôfsletten. De sjauffeur, in 26-jierrige man fan Noordhorn, koe sûnder ferwûnings út syn wein komme.

It opromjen fan 'e brot hat de plysje oeren koste. De jarre moast oerpompt wurde yn in oare tankauto, foardat de ferûngelokke frachtwein fuortsleept wurde koe. Pas om 15.00 oere middeis waard de oprit wer frijjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)