'Dongsilo's moatte doarren ha'

27 feb 2014 - 06:46

Ungelokken mei dongsilo's binne nea hielendal foar te kommen, dat seit Jetty Middelkoop fan de brânwacht Amsterdam Amstelland. Se hâldt har al jierrenlang dwaande mei de gefaren fan it skjinmeitsjen fan dongsilo's. Neffens Middelkoop sit it yn de natuer fan minsken om te helpen as oaren yn need binne, it is dêrtroch net tsjin te hâlden dat minsken dongsilo's yn gean as oaren yn gefaar binne. Middelkoop pleitet der foar dat nije silo's doarren oan beide kanten krije, helpferlieners kinne dan maklik nei binnen ta en ek kin in silo luchte wurde.

In silo sûnder dak is neffens Middelkoop gjin oplossing. Ek dan kinne helpferlieners makliker nei binnen ta, mar it foarkomt net dat der gefaarlike gassen yn de silo hingjen bliuwe. It giet dan om gassen dy't swierder binne as lucht. Neffens Middelkoop soene boeren it skjinmeitsjen fan dongsilo's safolle mooglik útbesteegje moatte oan deskundige bedriuwen.

Ek it CDA yn de Twadde Keamer tinkt dat ûngelokken mei dongsilo's nea hielendal foarkaam wurde kinne, fanwege it ynstinkt fan minsken om oaren helpe te wollen. Wol pleitet de partij der foar om te sjen nei de miljeuregels, omdat dy neffens Jaco Geurts fan it CDA minskelibbens net yn it paad stean meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)