Dongsilo fan bûten ôf reinigje

25 sep 2013 - 10:21
  • Nij apparaat om dongsilo skjin te meitsjen

Nije deadlike ûngelokken by it skjinmeitsjen fan dongsilo's - lykas yn juny yn Makkingea - kinne foarkaam wurde mei in nije op ôfstân betsjinbere masine. Dêrby hoecht net ien mear de silo yn te gean. Troch de iepening yn de silo wurdt in mêst fan in kraan nei binnen brocht, mei in grutte spuit der op. It nije systeem is mei ûntwikkele troch Heeres Mix- en Pomptechnyk út Abbegea. Nonken de boer út Makkingea, kamen ek twa meiwurkers fan dat bedriuw om it libben. De nije metoade soe goedkeaper wêze as de âlde, wêrby't skjinmakkers de silo yngeane.

Guido Kleve út Borculo is karmaster fan dongsilo's en wie earder belutsen by in rekonstruksje fan it ûngelok yn Makkingea, dy't hâlden waard yn Ouderkerk aan de Amstel. Ek de brânwacht wie dêrby, om mjittings te ferjochtsjen. Doe waarden kwalik skealike stoffen fûn. In adviseur fan de brânwacht warskôge Kleve doe, dat dat gjin inkele garânsje wie. It nei binnen gean om silo's skjin te meitsjen neamde hy 'russyske rûlette'. Kleve skrok dêr sa fan, dat hy fierder begûn nei te tinken oer ferbetterings by it skjinmeitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)