'Dongfergisters kinne net út'

18 okt 2013 - 10:32
  • (fotofoarbyld)

De takomst fan dongfergisters op boerepleatsen stiet faai. De kosten binne te heech en de opbringsten falle ôf. Fan de 22 fergisters dy't yn Fryslân draaie, binne seker al fjouwer stillein. Dat kinne mear wurde, as der neat feroaret. Dat seit Klaas Kooistra fan de Biogas Branche Organisatie BBO.

Wichtichste oarsaken binne lege enerzjyprizen, hege prizen fan it organysk ôffal dat yn de fergisters moat, hege ûnderhâldskosten en starre oerheidsregels. Dongfergisters produsearje biogas dat brûkt wurdt foar it opwekken fan elektrisiteit.

De pioniers fan de earste oere ûnder de Mest Energie Productie-regeling (MEP) hawwe it it dreechst. Foar de twadde generaasje fergisters ûnder de Subsidie Duurzame Energie-regeling (SDE) is de takomst ek allerminst wis. As de oerheid der net genôch omtinken oan jout, rint de takomst fan fergisters op buorkerijen gefaar, tinkt Kooistra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)