Dongeradiel wol wol fúzje

06 des 2011 - 13:49
  • Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel (argyffoto)

Dongeradiel wol wol mei Kollumerlân prate oer gearwurking en fúzje. Dat seit boargemaster Waanders fan Dongeradiel. Kollumerlân makke bekend dat ûndersocht wurdt oft de gemeente gearwurkje of sels weryndiele kin mei Dantumadiel en Dongeradiel.

De gemeenteried fan Kollumerlân woe ferline jier noch mei Achtkarspelen. Mar dy gemeente kiest foar Tytsjerksteradiel en wol Kollumerlân der net by hawwe. Dongeradiel wurket al gear mei Dantumadiel, mar hat earder al útsprutsen dat in tredde gemeente wolkom is. Dantumadiel wol noch net offisjeel reagearje op it ûndersyk fan Kollumerlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)