Dongeradiel wol mediateek

24 apr 2009 - 10:31

De ried fan Dongeradiel is tongersdei akkoart gien mei de foarfinansiering fan 'e plannen foar in mediateek yn Noardeast-Fryslân. It giet om de ferfanger fan 'e bibliobus, dy't ein dit skoaljier ophâldt yn Dongeradiel.

It bedrach mei net heger wurde as 73.000 euro. Der waard rekken holden mei in bydrage fan 'e provinsje fan 1,5 miljoen euro, mar neffens wethâlder Willemsma fan Dongeradiel sil dat bedrach leger útfalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)