Dongeradiel wol lichaamlik beheinden oan it sporten krije

07 sep 2015 - 11:43

Dongeradiel en Sport Fryslân sette tiisdei útein mei in projekt om mear minsken mei in lichaamlike beheining sporte te litten. Ut ûndersyk fan GGD Fryslân docht bliken dat yn Dongeradiel it tal minsken mei in beheining dat oan sport docht folle leger leit as by minsken sûnder beheining. Dêrom is der yn oktober foar dizze doelgroep in testdei.

Op de testdei wurde ûnder oare balâns, hân- en eachkoördinaasje en de kondysje fan de dielnimmers test. Dêrnei krije se in advys oan hokker sporten se wol en net dwaan kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)