Dongeradiel wol jild Waadseegas

30 apr 2004 - 00:00

De gemeente Dongeradiel wol in part fan 'e ierdgasbaten hawwe. Dêrfoar wolle B en W in fersyk yntsjinje by it ministearje fan Ekonomyske Saken. It jild fan it Waadseegas kin brûkt wurde foar de haven fan Lauwerseach en de oanlis fan 'e nije wei Dokkum-Nyegea.

De gemeenteried fan Dongeradiel fynt de plannen fan B en W te betiid. Dongeradiel is oant no ta de iennige Waadgemeente dy't oanspraak makket op de opbringsten út gasboarrings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)