Dongeradiel wol gjin grut fjoer

18 mrt 2005 - 13:37

De gemeente Dongeradiel makket him soargen oer de freugjdefjoeren mei Ald en Nij. It hat bliken dien dat de fjoeren ek brûkt wurde foar it dumpen fan bedriuwsôffal. Sa wurde se faak grutter as at tastien is. De gemeente is dêrtroch mear jild kwyt oan it skjinmeitsjen.

Om der in ein oan te meitsjen sil de plysje stranger tafersjoch hâlde. De gemeente sil in stik yn de krante pleatse litte oer de regels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)