Dongeradiel twifelt oer wynmûnen

08 jul 2004 - 13:47

In mearderheid yn de ried fan Dongeradiel twifelt oer de komst fan in wynmûnepark yn de gemeente.

De eigners fan 23 allinnich steande wynmûnen yn Dongeradiel binne ree dy ôf te brekken, as se dêrfoar yn it plak in park fan fjouwer of seis gruttere wynmûnen delsette kinne. It giet om in ynvestearing fan hast 22 miljoen euro dêr't genôch enerzjy mei opwekt wurdt om de hiele gemeente fan stroom te foarsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)