Dongeradiel tefreden oer nije regels húshâldlike help

19 jan 2016 - 12:40

De gemeente Dongeradiel sjocht tefreden werom op de ynfiering fan de nije, strangere regels foar it fergoedzjen fan de húshâldlike help, nettsjinsteande dat dit foar in soad ûnrêst ûnder de ynwenners soarge.

Neffens de gemeente hat bliken dien dat minsken no sels mear kinne en dogge as earder tocht waard. De gemeente ferwachtet oer 2015 sa'n 700.000 euro oer te hâlden.

Regelingen en kosten

Se sjogge lykwols ek swierichheden. Sa meitsje allerhande regelingen it belied yngewikkeld, wêrtroch minsken regelingen troch mekoar helje. Derneist moatte minsken tenei kosten meitsje by it oanfreegjen fan bysûndere bystân, sûnder dat se witte oft se it jild wol krije. 

Dongeradiel wol graach fierder mei it nije belied. De gemeenteried praat hjir op 28 jannewaris oer. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)