Dongeradiel Sociaal de winner

19 mrt 2014 - 22:57
  • Gemeente Dongeradiel

Dongeradeel Sociaal is de grutte winner fan de gemeenteriedsferkiezings yn Dongeradiel. De partij helle twa sitten en komt dêrmei nij yn de ried. It CDA bliuwt de grutste partij by de gemeenteriedsferkiezings yn de gemeente Dongeradiel. De partij krige 3133 stimmen en ferlear dêrmei ien sit, mar bliuwt mei 6 sitten de grutste partij. De FNP waard mei 2456 stimmen en 5 sitten de twadde partij.

Christen Unie en Algemeen Belang Dongeradeel hellen 2 sitten. PvdA en VVD moasten it dwaan mei 1 sit. Artikel 50 helle te min stimmen foar in sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)