Dongeradiel sil besunigje

19 sep 2011 - 11:37
  • It gemeentehûs yn Dokkum

Dongeradiel sil de kommende jierren drastysk besunigje. It giet om in bedrach fan oardiel miljoen euro, sa waard moandei bekend makke. De besunigings hawwe ûnder mear te krijen mei ynvestearrings fan de gemeente foar de kommende jierren en besunigings fan it ryk .

De gemeente hat no santich saken yn kaart brocht dêr't op besunige wurde kin. It giet bygelyks om sosjale foarsjennings, sport en kultuer. De ried nimt begjin novimber in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)